15 Grinslanners oppakt foar fjochtpartij op It Hearrenfean

13 maaie 2015 - 09:47

De plysje hat yn it ramt fan it ûndersyk nei de grutte fjochtpartij nei de fuotbalwedstriid SC Hearrenfean - FC Grins fyftjin Grinslanners oanhâlden. De manlju wurde fertocht fan iepenlike geweldpleging, poging ta deaslach en swiere mishanneling. De fyftjin, dy't allegearre bekend binne yn ferbân mei earder fuotbalgeweld, binne de ôfrûne wiken oanhâlden.

De fjochtpartij ûntstie nei ôfrin fan de wedstriid yn it Abe Lenstrastadion op 22 febrewaris. By de fjochtpartij rekken trije minsken ferwûne. Sy moasten nei it sikehûs foar medyske help.

Gelyk nei de fuotbalwedstriid koe de plysje de earste fertochten oanhâlde. It gie doe om twa ynwenners fan de stêd Grins fan 25 en 30 jier, in man fan Hoogezand (30) en in ynwenner fan Delfsyl (41). Sy koene oanhâlden wurde nei tips fan tsjûgen. Alle fyftjin oanhâlden fertochten binne de ôfrûne wiken heard op it plysjeburo. Tsjin alle fertochten is proses-ferbaal opmakke. De plysje giet noch fierder mei it ûndersyk in de saak en slút net út dat der noch mear minsken oanhâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)