Boargemaster Tytsjerksteradiel giet moandei wer oan it wurk

12 maaie 2015 - 20:52

Boargemaster Eric ter Keurs fan Tytsjerksteradiel pakt fan moandei ôf syn wurk wer op. Fanwegen omstannichheden thús hat hy der sûnt febrewaris út west.

Ter Keurs begjint earst op heale krêft, mar wol sa gau mooglik wer folslein oan it wurk. De wethâlders ha de ôfrûne tiid it wurk fan de boargemaster waarnommen. Dat dogge se ek sa lang as Ter Keurs noch net hielendal werom is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)