Fjouwer nije Park & Bike lokaasjes foar Ljouwert

12 maaie 2015 - 20:42
  • Wethâlder Thea Koster pakt de fyts rjochting binnenstêd

It fytseplan fan de gemeente Ljouwert wurdt flink útwreide. Oant no ta koene automobilsten by Goutum har auto fergees parkearje en in fyts út in saneamde fytsboks helje om dêrmei fierder de stêd yn te kommen.

Dy foarsjenning foldocht sa goed dat der no noch fjouwer Park & Bike lokaasjes by komme. Neist de boks by Goutum waarden der op ferskillende plakken noch fjouwer fytsboksen bypleatst. Bedriuwen út de stêd kinne fytsen hiere en dy beskikber stelle oan har personiel dat mei de auto nei it wurk komt.

Tiisdeitemiddei waarden de nije fytsboksen by Wiarda, Hemriksein, WTC en it Kealledykje yn Ljouwert iepene. Yn totaal is der romte foar 150 fytsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)