Beide Fryske deiblêden sjogge oplagesifers sakjen

12 maaie 2015 - 20:19
  • It Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante

Beide Fryske deiblêden hawwe te krijen mei legere oplagesifers. Dat blykt út de nijste sifers fan oplage-ynstitút HOI oer foarich jier.

By de Ljouwerter Krante bleau de teller op 77.000 stean. In ferlies fan mear as 4000 yn fergelyk mei 2013. By it Friesch Dagblad wie de oplage foarich jier krekt wat mear as 13.000. In ferlies fan sa'n 600 yn fergelyk mei in jier earder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)