Frysk Skipfeartmuseum Snits skoart goed yn ANWB museumcheck

12 maaie 2015 - 17:56

It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits heart by de bêste musea fan Nederlân as it giet om tagonklikheid foar de minder mobile besiker. Dat blykt út de ANWB museumcheck dy't útfierd is troch 1400 frijwilligers by 23 musea.

Se hawwe ûndersyk dien nei foarsjennings om út te rêsten, bygelyks bankjes, en liften. Fierder is sjoen nei de gastfrijheid fan it museum. It giet dan bygelyks om ynformaasje op de webside, ynformaasjebuorden en kontakt mei museumpersoniel.

It Frysk Skipfeartmuseum, it Katwijks Museum en it Zeeuws Maritiem Museum hienen de heechste skoares.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)