Webcammoard Fryske Gea: mantsje-ûle deadet goudûlepiken

12 maaie 2015 - 17:44

In mantsje-ûle hat seker trije fan de fiif goudûlepiken yn in nêst yn Earnewâld deamakke. De aksje fan de goudûle wie foar folgers fan de webcam yn it nêst live te sjen.

De nêstkast mei kamera hinget foar it twadde jier boppe yn in skuorre fan it Fryske Gea yn Earnewâld. It mantsje hearde net by it nêst en it is net dúdlik wêrom't er dit die.

Neffens Jan Koopmans fan de Kerkuilenwerkgroep binne der gjin oare foarbylden fan ûlen dy't soks dogge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)