Wim Stroetinga wint twadde etappe Olympia's Tour

12 maaie 2015 - 17:39
  • Stroetinga foarich jier by de Olympia's Tour

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat tiisdeitemiddei de twadde etappe fan Olympia's Tour wûn. De Fries wie yn Oerterp de sterkste yn de massasprint yn de etappe fan 147 kilometer fan Assen nei Oerterp.

Foar de 29-jierrige Stroetinga is it de 11e etappe-oerwinning yn Olympia's Tour. Tiisdei earder op de dei wie de earste etappe fan de hurdfytskoers, in ploegetiidrit yn Assen. Dy waard wûn troch it team fan Cycling Team Jo Piels.

De Olympia's Tour fan Nederlân wurdt foar de 63e kear ferriden, en is dêrmei de âldste hurdfytswedstryd fan ús lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)