Twa wiken fertraging by bou poppoadium Neushoorn yn Ljouwert

12 maaie 2015 - 17:03

De bou fan poppoadium Neushoorn op it Harmoniekwartier yn Ljouwert rint twa wiken út. Troch it minne waar ôfrûne winter hat de bou stillein. De boufakkers fan oannimmer Hegeman wurkje op dit stuit alle sneonen en ek yn de boufak sil der trochwurke wurde om de útrin te beheinen.

It plan wie om op 1 septimber de doarren fan it nije poppoadium te iepenjen. Dat betsjut dat de studinten fan oplieding D'Drive yn oktober pas de kolleezjebanken yn kinne. Optredens sille der ek pas yn oktober wêze.

It betsjut net dat de studinten yn septimber net nei skoalle hoege. Se sille dan helpe mei de ynrjochting fan it gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)