Amelanner Nepalprojekt krijt in euro fan eltse eilanner

12 maaie 2015 - 16:47

It Amelân jout foar elke ynwenner fan de gemeente in euro oan it Nepalprojekt fan Amelanner Theo Kiewiet. Dy bout dêr ûnder oaren ierdbevingbestindige skoallen. Kiewiet hie de gemeente om stipe frege nei de earste ierdbeving, ein april.

Boargemaster en wethâlders hiene al besletten om jild te jaan foardat Nepal tiisdei wer troffen waard troch in ierdbeving. De bydrage fan de gemeente komt del op 3500 euro. Der is dizze wike ek in kollekte ûnder de bewenners fan it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)