Guon dielen Waadsee net geskikt foar mokselbanken

12 maaie 2015 - 15:26

Net alle stikken fan de Waadsee binne geskikt foar mokselbanken. Dat docht bliken út it promoasje-ûndersyk fan Jasper Donker oan de Universiteit fan Utrecht. Donker hat útfûn dat benammen de golven ynfloed hawwe op it súkses fan in mokselbank. Dêrneist kin kruiend iis in bedriging foarmje.

Mei de útkomsten fan it ûndersyk kinne lokaasjes foar mokselûndersyk fêststeld wurde en kin ek sjoen wurde oft beskermjende maatregels nedich binne.

Trefwurden: 
Waadsee mokselbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)