Supporters Black Boys skorst nei ynsidint

12 maaie 2015 - 15:22
  • Website Black Boys

Fuotbalferiening Black Boys fan Snits hat twa supporters skorst dy't snein yn de wedstriid tsjin SC Frjentsjer in skiedsrjochter bedrige hawwe. De supporters, dy't ek lid binne fan de klup, woene ferhaal helje nei in doelpunt dat neffens harren net terjochte wie. De skiedsrjochter moast ûnder begelieding fan it fjild.

It bestjoer fan de Black Boys fynt it gedrach fan de supporters ûnakseptabel. Se binne foar ûnbepaalde tiid op non-aktyf set.

De klup nimt yn oerlis mei de KNVB, de plysje en SC Frjentsjer maatregels om foar te kommen dat se nochris soks úthelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)