Nij asfalt op Oranjewei yn Ballum blykt te glêd foar hynders

12 maaie 2015 - 14:27

Troch it nije asfalt op de Oranjewei fan de fjoertoer nei Ballum op It Amelân binne al ferskate hynders fallen. It nije asfalt is glêder as de eardere toplaach, dêrtroch glydzje de hynders út.

Neffens wethâlder Nico Oud sit der in soarte bitumen yn it asfalt dat nei ferrin fan tiid slyt. Dêrtroch wurdt it asfalt fansels minder glêd. Oant dy tiid sille hynders en ruters foarsichtich wêze moatte of in oare rûte kieze moatte.

Trefwurden: 
hynders Ballum Asfalt Oranjewei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)