It ryk wol metamorfoaze foar Ofslútdyk

12 maaie 2015 - 14:18

De Ofslútdyk ûndergiet de kommende jierren in grutte metamorfoaze. De dyk wurdt ferstevige om it hieltyd heger wurdende seewetter oan te kinnen. Minister Schultz van Haegen presintearre de definitive plannen tiisdeitemiddei.

De provinsje is tige wiis mei de plannen. Mar om fan de dyk in toeristyske lûker te meitsjen hat de provinsje noch wol wat winsken: in nij fyts- en kuierpaad oan de Waadseekant en it monumint opknappe.

Yn de plannen fan de minister wurdt de slûs by Koarnwertersân grutter en breder, ek mei it each op de skipsbou. Der komt ek in fiskmigraasjerivier en sintrale om enerzjy op te wekken út it tij en út de oergong fan sâlt nei swiet wetter.

De plannen lizze seis wiken lang op besjen foar beswieren en winsken. Dit jier giet de earste skeppe de grûn yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)