Scooterrider oanhâlden nei achterfolging op It Hearrenfean

12 maaie 2015 - 11:52
  • Scooter

De plysje op It Hearrenfean hat moandeitemiddei nei in koarte achterfolging it rydbewiis fan in 17-jierrige brommerrider út Oranjewâld ynnaam. In plysjeman kaam de jonge tsjin op de Hearewâl. Syn scooter makke in soad leven en dêrom woe de plysje de jonge oanhâlde. Mar hy naaide út en ried hurd troch it sintrum fan It Hearrenfean. Dêrmei brocht er himsels en syn duopassazjier yn gefaar.

By Oenemastate koe de plysje de knaap oan de kant sette. De scooter is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)