Friezen hawwe mar bytsje betrouwen yn de plysje

12 maaie 2015 - 11:38
  • Plysje

Friezen hawwe net folle fertrouwen yn de plysje. Dat docht bliken út in enkête ûnder it opinypanel fan EénVandaag en Omrop Fryslân. Fan de ûnderfrege Friezen seit goed fjouwer op de tsien oer it generaal "weinig vertrouwen" yn de plysje te hawwen.

Acht-en-tachtich persint seit dat de plysje net sichtber is yn de wyk of doarp. In protte minsken jouwe yn de enkête oan dat se dy sichtberens belangryk fine. Friezen jouwe de plysje in 6,3 as rapportsifer. Dat is in trochsneedsifer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)