Lieuwe Westra wurdt operearre oan earmtakke

12 maaie 2015 - 10:52

Hurdfytser Lieuwe Westra wurdt tiisdei operearre oan 'e earmtakke. Dat makket de Astana-rider bekend op syn eigen Twitter. Neidat er in pear kear fallen is, gie in bult op syn linkerearm net mear fuort.

It is net bekend hoelang't er derút wêze sil troch de operaasje. Syn dielname oan de Tour de France komt nei alle gedachten net yn gefaar. De Tour de France giet op 4 july fan start, dit jier yn Utrecht.

Na lang overleggen ga ik vandaag onder mes !! Elleboog blijft opzetten

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)