Plysjenûmer omlaat fanwege cao-aksjes

12 maaie 2015 - 10:30

De plysje Fryslân is tiisdeitemoarn fan tsien oant tolve oere net direkt te berikken op telefoannûmer 0900 8844. Dit is ûnderdiel fan de aksjes fan de plysje foar in bettere cao. Wa't yn Noard-Nederlân mei dit nûmer bellet, wurdt trochferbûn mei sintrales bûten Noard-Nederlân. Dy kinne wol trochferbine.

It alarmnûmer 112 is wol te berikken. Neffens de plysje is de feiligens net yn gefaar. Der wurde gjin ekstra minsken ynset yn de meldkeamer yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)