Plysje siket helper fan mishannele man yn Harns

12 maaie 2015 - 10:17

De plysje siket in man dy't sneontemiddei yn Harns in jongeman holpen hat nei in mishanneling. De 19-jierrige Harnzer waard om healwei fiven op de Grinswei fan de fyts lutsen. Dêrnei krige er twa kear in wâd yn it gesicht. De fertochte fytste nei syn die fuort op in blauwe damesfyts rjochting sintrum fan Harns.

De bestjoerder fan in Renault Megane hat de mishannele jonge holpen. Dêrnei is er wer fierder riden. De plysje wol graach yn kontakt komme mei dy man of mei minsken dy't dy persoan kenne.

Trefwurden: 
Harns mishanneling helper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)