Littenseradiel net mear de feilichste fan Nederlân

12 maaie 2015 - 08:59

Littenseradiel is net mear de feilichste gemeente fan Nederlân. Dat docht bliken út De Nationale Misdaadmeter. Littenseradiel stie jierrenlang op nûmer ien, mar is dy posysje kwytrekke omdat it tal ynbraken dêr tanaam is.

Wat wol de feilichste gemeente is, wurdt tiisdeitejûn bekend makke op televyzje. Dúdlik is al wol dat dêr gjin Fryske gemeenten foar yn 'e beneaming komme. As it om ûnfeilichste gemeenten giet, is yn Fryslân Ljouwert de nûmer ien, folge troch Smellingerlân en Harns.

Trefwurden: 
feilich Littenseradiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)