Kuorbaltoernoai Twizel begjint mei betinking dugout-drama

12 maaie 2015 - 06:02

Kuorbalferiening Olympia sil it skoalkuorbaltoernoai op 20 maaie yn Twizel dit jier begjinne mei in betinking. By it toernoai fan ferline jier kamen ferskate bern ûnder de betonnen dekplaat fan in ynstoarte dugout fêst te sitten. Dêr kaam in 10-jierrich famke út Surhústerfean by om it libben en rekken fiif oare bern ferwûne.

It bestjoer fan de kuorbalferiening oerleit mei de âlden fan de slachtoffers hoe't de betinking der krekt útsjen sil. Dit jier binne der likernôch 800 oanmeldings en dat is in protte.

Basisskoalle De Bernebrêge út Surhústerfean, de skoalle fan de slachtoffers, docht net mei oan it toernoai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)