Hûndert keunstwurken feild foar bern

11 maaie 2015 - 20:51

In keunstfeiling foar it goede doel by poppoadium Romein yn Ljouwert hat moandei goed fjouwertûzen euro opsmiten. Der waarden sawat hûndert Fryske keunstwurken feild. De opbringst giet nei de Stichting Leergeld. Dy soarget derfoar dat bern út húshâldings mei in smelle beurs oan aktiviteiten op skoalle meidwaan kinne.

Ofrûne wykein wiene de sjochdagen foar de feiling. Dy wurdt alle jierren hâlden. It smyt meastentiids tusken de trije- en fiiftûzen euro op.

Ien fan de pronkstikken is in oaljefant op doek fan skilder Hendrik Elings. Dy brocht 1700 euro op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)