Gersgebiet oan boskrâne by De Haule ôfbaarnd

11 maaie 2015 - 19:39

By de Haule is moandeitejûn in natuergebiet sawat sa grut as in fuotbalfjild ôfbaarnd. It gebiet leit by de Doarpsstrjitte oan 'e râne fan de Blauwe Bosk. Dêr stiet heech gers.

By de brân kaam in soad reek frij. It plak fan de brân wie dreech te berikken. Njonken mei wetter fan in grut wettertransport hat de brânwacht it fjoer mei fjoerswipen bestriden. Krekt nei acht oere wie de brân ûnder kontrôle. Dêrnei is der neiblust mei wetter dat oanfierd waard út Aldeberkeap.

Trefwurden: 
De Haule boskbrân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)