ATF-brân is op de kop ôf fyftjin jier ferlyn

11 maaie 2015 - 19:08

De grutte brân by ôffalferwurker ATF is tiisdei op de kop ôf fyftjin jier ferlyn. Doe baarnde de opslach fan de ôffalferwurker yn Drachten folslein út. By de brân kamen in soad gemyske stoffen frij. De brân begûn frij lyts, mar troch technyske mankeminten yn it gebou wreide it fjoer him gau út.

Ut ûndersyk die letter bliken dat der in soad mis wie yn it gebou en ek by wat der ferwurke en opslein waard. De boeren yn de omkriten hiene de measte lêst fan de brân. Plysje- en brânwachtlju dy't yn de reek stien hiene, krigen dêr ek lêst fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)