Nije gemalen tsjin wetteroerlêst yn Dokkum

11 maaie 2015 - 18:48
  • Nij gemaal moat wetteroerlêst by soad stevige buien yn Dokkum foarkomme
  • Egbert Berenst en Aaltsje Rispens fan it wetterskip en wethâlder Pytsje de Graaf

Twa nije gemalen, nije stuwen, gruttere dûkers en fivers moatte derfoar soargje dat Dokkum tenei gjin wetteroerlêst mear hat. By in soad reinfal kin it wetter no better opfongen en ôffierd wurde. Wetterskip Fryslân en de gemeente Dongeradiel hawwe moandei ien fan de nije gemalen by de wyk De Koailannen offisjeel yn gebrûk naam.

De nije maatregels soene de ein fan de wetteroerlêst yn de wyk Huoddemakkerspolder betsjutte moatte. Dêr is in besteand gemaal ferfongen troch in grutter fizelgemaal. De bergingsfiver is no ek grutter.

Neffens wykbewenner Siebe Woudwijk is dat net genôch. In soad putten binne ferstoppe en dêr soe ek wat oan dien wurde moatte.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)