Weening helpt Matthews oan oerwinning yn Giro

11 maaie 2015 - 18:13

Hurdfytser Pieter Weening spile moandei yn de tredde etappe fan de Giro D'Italia in wichtige rol. Mei troch syn sterke riden oan de ein fan de etappe slagge it ploechmaat Michael Matthews de etappe te winnen. Matthews rydt yn de rôze trui. Hy hat mei de oerwinning syn liedende posysje fierder fersterke.

Weening sels einige as 75e op goed 3 minuten fan syn ploechmaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)