Siler Postma nei EK Finnklasse yn Kroäsië

11 maaie 2015 - 18:06

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is klear foar it EK silen yn de Finnklasse. Dat begjint tiisdei yn Split, Kroäsië. Postma hat mei oare mêsten en seilen eksperimenteard. Dêrtroch ferrûn syn tarieding want stroever as oars. Mar Postma hat syn saakjes no op oarder.

Pieter-Jan Postma sylt yn Split yn in dielnimmersfjild fan tachtich boaten. Dêrby binne ûnder oare de Britske nûmer 1 fan de wrâld Edward Wright en de Sloveen Vasilij Zbogar dy't twa jier ferlyn Europeesk kampioen waard.

Yn Split wurde tsien races fersyld, plus in medaljerace foar de tsien bêste silers.

Trefwurden: 
Pieter-Jan Postma silen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)