Nije Drachtsterwei nei de pinkstersdagen diels klear

11 maaie 2015 - 17:04

Ferkear kin nei de pinksterdagen al foar in part oer de nije Drachtsterwei yn Ljouwert. It súdlike stik is dan klear. It akwadukt is noch net klear, mar auto's kinne al wol oan de Drachtsterbrêge ta oer it nije ferdjippe stik. Fytsers kinne de freeds foar Pinkster al út de wyk Suderbuorren oer de nije Folsingadyk ride,

Mei Pinkster is de Drachtsterwei fan 22 oant 25 maaie ôfsletten foar it ferkear, omdat dan trochwurke wurdt oan de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)