Tûzenen Fryske learlingen dogge eksamen

11 maaie 2015 - 16:47

Tûzenen Fryske vmbo-, havo- en vwo-learlingen binne úteinset mei de eksamens. Op it program stiene moandei de fakken Nederlânsk, ekonomy en natuer - en skiekunde.

It tal kandidaten leit yn hiel Nederlân op goed 200.000. Ferline jier diene krekt wat minder learlingen eksamen. De lêste dei is 28 maaie. Dan binne de eksamens foar Frysk, Spaansk, Russysk en Arabysk. Begjin juny binne dan de wereksamens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)