Aksjes by fear It Amelân en Skier: kâns op útfal boaten

11 maaie 2015 - 16:14

De aksjes by feartsjinsten nei Skiermûntseach en It Amelân fan rederij Wagenborg moatte foarearst publyksfreonlik wêze, Dat wolle de fakbûnen. Mar neffens de bûnen wurdt dat dreech, omdat de aksjefierders net op it terrein fan Wagenborg komme meie. Dêrom kinne der tsjinsten útfalle. De bûnen kundigje ferrassingsaksjes oan binnen no en in wike.

De petearen tusken de fakbûnen en rederij Wagenborg binne fêstrûn. It konflikt giet oer in leaneask foar de 80 meiwurkers en besuniging op arbeidsbetingsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)