Konflikt oer keatswant sit fêst

11 maaie 2015 - 15:57

Der liket noch gjin oplossing yn sicht foar it konflikt tusken keatser Cornelis Terpstra en keatsbûn KNKB. Dat die moandei bliken by it koart pleit dat Terpstra tsjin de KNKB oanspand hat. Terpstra wol mei in eigen want keatse. It keatsbûn wol dêr neat fan witte.

Keatswanten meie op dit stuit makke wurde troch trije lisinsjehâlders. Fan jannewaris ôf wurdt de produksje frijjûn. Terpstra wol dit seizoen al mei in eigen want keatse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)