Wetterskip Fryslân hâldt miljoen euro oer

11 maaie 2015 - 13:33

Wetterskip Fryslân hat oer 2014 ien miljoen euro oerhâlden. Dat is mei te tankjen oan in besuniging fan 4,5 miljoen euro, wêrfan 3,2 miljoen yn de eigen organisaasje. It hiele bedrach oan besunigings tusken 2010 en 2014 rint dêrmei op ta 15 miljoen euro.

It jild komt goed fan pas, no't der grutte ynvestearrings yn dykferbetterings oan sitte te komme. Boppedat moatte gemalen ferfongen wurde fanwege klimaatferoarings. Omdat der mear rein falt, moat der ek mear tydlik opfangplak komme foar al dat wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)