Ferloskundige soarch werom by de Sionsberg Dokkum

11 maaie 2015 - 10:38
  • Sikehûs Sionsberg yn Dokkum

De polyklinyk gynekology fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat moandei in festiging by De Sionsberg yn Dokkum iepene. Pasjinten kinne tenei foar ferloskundige soarch terjochte yn it gebou De Woudvaart op it terrein fan De Sionsberg.

It sikehûs yn Drachten krige de ôfrûne moannen, mei it fallisemint fan soarchgroep Pasana dêr't ek De Sionsberg ûnder falt, faak de fraach om wer in ôfdieling yn Dokkum te iepenjen. Minsken wolle dizze soarch neffens it sikehûs graach tichtby hûs hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)