Plysje sjit by achterfolging op It Hearrenfean

11 maaie 2015 - 09:40

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei twa manlju fan 29 en 33 fan It Hearrenfean en in 29-jierrige frou út de gemeente De Fryske Marren oanhâlden.

It trio krige op de Woudsingel in stopteken, negearde dat en naaide út. De achterfolging waard ynsetten en op It Fean hâlde de auto stil ûnder de stasjonstunnel. Plysjeminsken stapten út en doe rieden de fertochten op harren yn. Dêrop is der sketten op de bannen fan de auto. It trio ried toch wer fuort, mar botste úteinlik op lantearnepeal oan de Uhlwei. Dêr binne se oanhâlden.

Under de achterfolging oer de A32 smieten de ynsittenden houten balken en metalen bouten nei de plysje-auto. Fia Wolvegea, dêr't se mei hege snelheid troch it doarp rieden, gie it nei Akkrum, dêr't se fia de A32 wer rjochting It Fean giene. Ek doe smieten se houten balken en bouten nei de plysje. Fia de Jousterdyk en de Haskerútgong giene se troch de stasjonstunnel. Dêr setten se de auto stil. Doe't de plysje útstapte rieden de fertochten op harren yn. Dêrop is der sketten op de bannen fan de auto. It trio ried opnij fuort, mar botste úteinlik op de Uhlwei op in lantearnepeal, dêr binne se oanhâlden en oerbrocht nei it buro. Fan de 33-jierrige bestjoerder is in bloedproef ôfnommen, omdat de plysje it idee hie dat hy ûnder ynfloed fan ferdôvjende middels wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)