Nije spilers topklasser ONS Boso Snits

11 maaie 2015 - 09:21
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS Boso Snits hat wer in pear spilers foar it nije seizoen kontraktearre. Spits Yumé Ramos komt fan sneinstopklasser WKE, Wilco de Haan fan sneins earste klasser Burgum. Mei Cambuurspiler Bob Schepers binne de ûnderhannelings begûn, mar neat is noch definityf. Earder waarden Frits Dantuma fan HHC Hardenberg, Gert-Jan Koopmans fan Be Quick Dokkum en de keepers Richard Strijker fan d' Olde Veste '54 en Eelke Kooistra fan Be Quick Dokkum al fêstlein. ONS is der ôfrûne sneon yn slagge om yn de sneonstopklasse te bliuwen.

Yn de lêste wedstriid waard Genemuiden mei 5-2 ferslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)