Ljipaaien meie wol socht wurde

01 mrt 2012 - 14:04

It ljipaaisykjen kin dizze maitiid gewoan trochgean. Dat hat de Raad van State tongersdei besletten, yn in saak dy't oanspand wie troch de Faunabeskerming. Dizze organisaasje protestearret al jierren tsjin it ljipaaisykjen, omdat de fûgels skea hawwe soene fan it meinimmen fan de aaien.

Neffens de Raad van State soarget it SMS systeem fan it BFVW der foar dat der net tefolle aaien meinommen wurde. Dit jier meie der op syn meast goed 5900 aaien socht wurde.

De Raad van State fynt wol dat der yn de takomst sjoen wurde moat nei ekstra beheinings. Miskien dat der dan wolris in jier aaisykjen oerslein wurde moat, sa seit de Raad van State. Yn de rest fan Nederlân is it ljipaaisykjen al lang ferbean, allinnich yn Fryslân wurdt dêr in útsûndering op makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)