Ljouwerter rugbyklup ferdûbelet ledetal

10 maaie 2015 - 16:33

It tal leden fan de de Ljouwerter rugbyklup Greate Pier is it ôfrûne seizoen drastysk tanaam. Yn augustus ferline jier hie de klup noch 40 leden, no stiet it tal op hast 100. Ien en oar is gefolch fan it opsetten fan in eigen jeugdôfdieling en it ferbetterjen fan de akkommodaasje.

Der wurdt wurke oan de oanlis fan in nij spylfjild en de klaaikeamers wurde opnij ynrjochte. Dêrneist wurdt rugby populêrder om't de sport mear oandacht krijt yn de media.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)