Teloarstellende maaiefakânsje foar Fryske campings

10 maaie 2015 - 15:54

Fryske campings ha in teloarstellende earste wike fan de maaiefakânsje achter de rêch. Troch it wikselfallige en kâlde waar bleaune de campinggasten manmachtich thús. Guon minsken ha noch in wike fakânsje, mar in hiel soad oaren moatte moandei wer oan de slach.

Offisjele sifers binne der noch net. Campingeigener Lammert Kleefstra fan De Zeehoeve yn Harns sprekt fan in stille wike. Hy ferwachtet mei Himelfeartsdei en Pinkster mear drokte. De bungalowparken yn Fryslân hawwe wol in goeie wike achter de rêch.

Trefwurden: 
toerisme camping fakânsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)