Drachtster duo pakt mei stellen disel

10 maaie 2015 - 12:54
  • Tankstasjon

Twa Drachtsters (24 en 25) binne sneontenacht yn De Pein oanhâlden op fertinking fan it stellen fan disel. Surveillearjende plysjes seagen it duo riden op de Provinciale Weg. De auto foel op trochdat de bestjoerder mei mistljocht ried. By kontrôle fûn de plysje yn de kofferbak meardere jerrycans mei disel en in slange. De mannen joegen ferskillende ferklearringen oer wêr't de brânstof weikaam. Beide mannen binne meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)