Reeëtrijeling berne yn de Peinder Mieden

10 maaie 2015 - 10:44

Yn de Peinder Mieden is sneontenacht in reeëtrijeling berne. De behearder fûn it nêst yn in beamwâl doe't hy de Herefordkij losliet yn de greide. De kij binne ûnderdiel fan in proef foar ekologysk natuerbehear yn dit gebiet fan 90 bunder tusken De Pein en Drachten.

Doe't de behearder kaam, wiene de reekealtsjes noch wiet en koene se krekt stean. De Herefordkij komme der net by, dus de mem kin der gewoan hinne om de kealtsjes drinke te litten.

Trefwurden: 
ree Peinder Mieden trijeling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)