Museum Belvédère Oranjewâld nominearre foar bêste kafee

10 maaie 2015 - 08:41

It kafee fan museum Belvédère yn Oranjewâld is nominearre foar it Museumglês. Dat is de priis foar it bêste museumkafee fan Nederlân. De organisaasje hat goed 200 museumkafees beoardiele op tagonklikheid, iepeningstiden, de kwaliteit fan de kofje en de relaasje mei it museum.

Dêr is in top 5 útrôle. Dêr sitte ek kafees by yn Arnhem, Dordrecht, Den Haag en Rotterdam. De winner fan it Museumglas wurdt op 26 maaie bekendmakke, yn it Dordrechts Museum. Fan de goed 1.200 musea yn Nederlân, hawwe 740 in kafee.

Mar de hoareka wurdt hieltyd belangriker foar de musea. Mei in goed museumkafee bliuwe besikers langer hingjen. De lêste twa jier allinnich al binne der 20 kafees bykommen of hielendal fernijd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)