Winst Pieter Weening yn ploegetiidrit yn Italië

09 maaie 2015 - 21:51
  • Pieter Weening

Pieter Weening hat krekt as ferline jier de ploegetiidrit yn de Ronde fan Italië wûn. Mei syn Orica-GreenEdge ploech ried Weening de 17,6 kilometer lange tiidrit mei in faasje fan 54,3 km de oere. It team fan Tinkoff-Saxo mei Alberto Contador wie yn finishplak San Remo sân sekonden stadiger. Simon Gerrans fan de winnende formaasje kaam as earste oer de einstreek en krige sadwaande de earste rôze trui.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)