Blau Wyt '34 kampioen nei oerwinning op De Wâlde

09 maaie 2015 - 19:42
  • Blau Wyt '34 is kampioen wurden.
  • It lêste kampioenskip fan Blau Wyt wie yn 2007.
  • Feest as de 1-3 makke wurdt

Fuotbalklup Blau Wyt '34 út Ljouwert is sneontemiddei kampioen wurden yn de 2e klasse I. De Ljouwerters hienen noch ien punt nedich yn harren lêste wedstryd tsjin VV De Wâlde om it kampioenskip binnen te heljen.

Yn Aldegea (GS) hie de ploech fan trainers Kees Jansen en Dennis van der Ree it net maklik. Dihrin Sewgobind brocht betiid de 0-1 op it boerd, mar De Wâlde koe krekt foar it skoft noch lykmeitsje: 1-1.

Pas yn 'e 74e minút makke Alban Miftari mei in skitterend skot in ein oan de spanning. Jeton Musliu makke mei de 1-3 it feest folslein.

Sûnt de degradaasje fan Blau Wyt en de Ljouwerter Sweltsjes út de 1e klasse yn 2011-2012 hie Ljouwert gjin ploech mear yn de earste klasse fan it sneonsamateurfuotbal. Konkurrint foar it kampioenskip, Zeerobben, ferlear thús mei 4-3 fan VV Hurdegaryp, Blau Wyt einiget mei 60 punten as nûmer 1 mei seis punten ferskil mei Zeerobben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)