Frjentsjer wint ôfdielingspartij yn eigen stêd

09 maaie 2015 - 18:29

Frjentsjer is sneon winner wurden fan de haadklasse ôfdielingspartij yn eigen stêd. Yn de finale wienen Nicole Hempenius, Maaike Osinga en Manon Scheepstra mei 5-2 en 6-2 te sterk foar Boazum, mei Nellie Rijpma en de suskes Nynke en Wiljo Sijbrandij. Manon Scheepstra waard lykas yn 2013 útroppen ta keningin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)