Hearrenfeanster ferûngelokke nei famyljerûzje

09 maaie 2015 - 17:31
  • Ungelok yn Bergeijk dêr't Feanster by omkaam

De man dy't freed om it libben kaam is by in ûngelok yn de buert fan Valkenswaard yn Brabân, is in man fan 30 jier út It Hearrenfean. Dat hat de plysje bekend makke.

De man hie spul hân mei syn famylje en hy wie lilk fuortriden fan it fakânsjepark Kempervennen yn Westerhoven. De plysje wie warskôge en seach de man riden. Se joegen in stopteken, mar de man ried troch. Eefkes letter ried de man tsjin in beam oan. Neffens de plysje wie der gjin sprake fan in achterfolging.

De auto fan de man út it Hearrenfean is troch de plysje yn beslach nommen foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)