ONS Snits bliuwt yn de topklasse troch winst op Genemuiden

09 maaie 2015 - 16:36

ONS Boso Snits hat him sneon feilich spile yn de topklasse. Op it eigen Sudersportpark wûnen de Snitsers mei 5-2 fan Genemuiden. ONS kaam nei 22 minuten op efterstân. Fuortendaliks nei rêst soarge Ale de Boer foar de 1-1.

Renco van Eeken sette ONS yn de 61e minút op foarsprong. Mei in strafskop tekene Chris de Wagt foar de 3-1. Genemuiden kaam dochs wer op 3-2, mar mei de fjirde treffer smiet Tjisse Kerkstra de wedstriid yn it slot. It slotakkoart wie foar Ale de Boer.

Troch de oerwinning komt de ploech fan trainer Bert Hollander op 34 punten en is dêrmei wis fan topklassefuotbal takom seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)