Dielnimmer hurdfytswedstriid A7 Classic ferwûne

09 maaie 2015 - 14:44
  • Hurdfytser ferwûne by wedstriid A7 Classic

In dielnimmer fan de hurdfytswedstriid 'A7 Classic' is sneontemiddei by in ûngelok op De Skieding by Fryske Peallen ferwûne rekke. De hurdfytser botste dêr op in auto dy't yn de koers meiried. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok noch.

Om't it earst like dat de man sa slim ferwûne wie, waard neist de ambulânse ek in traumahelikopter oproppen. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)