IIsklup fan De Lemmer hat nij klupgebou

09 maaie 2015 - 12:32
  • It nije gebou fan iisklup De Lemmer

IIsklup De Lemmer is mei it nije klupgebou klear foar de takomst. Kluphûs en iisbaan lizze krekt bûten it doarp tsjin de Iselmardyk oan. De iisklup bestiet 154 jier. Hy is ûnder oare bekend troch it ferneamde lid Rintsje Ritsma en de organisaasje fan it Frysk en Nederlânsk kampioensskip koarte baan.

Winterdeis stiet der wetter op de baan en simmerdeis is it in parkear- en eveneminteterrein. Ferskate organisaasjes meitsje gebrûk fan it gebou dat boud troch frijwilligers. It nije iisklupgebou waard freedtejûn iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)