Warkumer El nei 500 jier wer werom op stedhûs

08 maaie 2015 - 22:17

De Warkumer El hinget wer op it stedhûs fan Warkum, alteast in replika dêrfan. De Warkummer El waard 500 jier lyn troch Albrecht van Saksen ynsteld as algemiene mjitstêf yn Fryslân. De Warkumer El hat in ôfmjitting fan 70,9 sintimeter.

Yn 1775 waard de Warkumer El ferfongen troch de Hollânske El en dêrnei it stelsel sa't we dat no kenne. Doe ferdwûn de Warkumer El ek fan it stedhûs. No, 500 jier letter, hawwe frijwilligers fan smidderij Begine Smidte yn Warkum mei de El wer in stikje histoarje werombrocht yn Warkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)