Ynfojûn oer plan foar GGZ-klinyk op It Hearrenfean

08 maaie 2015 - 21:27
  • Gemeente It Hearrenfean

Verslavingszorg Noord Nederland (VNN) hâldt 19 maaie in ynformaasjegearkomst oer de plannen foar in GGZ-klinyk oan de Kastanjelaan op It Hearrenfean. Buertbewenners binne bot ferûntrêste troch it foarnimmen, se binne benaud foar oerlest.

Om dy reden hat VNN de plannen earder yn oerlis mei boargemaster Tjeerd van der Zwan al útsteld. Op de ynformaasjejûn wurde ek de útkomsten besprutsen fan in enkête dy't buertbewenners hâlden hawwe.

Njonken VNN binne der 19 maaie ek fertsjintwurdigers fan GGZ, de gemeente, de plysje en opbouwurk Caleidoscoop oanwêzich om fragen te beantwurdzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)