Nije beammen moatte Iewâl wer frisse alluere jaan

08 maaie 2015 - 19:57

Op de Iewâl yn Ljouwert is freedtemiddei úteinset mei it plantsjen fan njoggen nije beammen. Mei de swiere stoarm fan 2013 waaiden tolve grutte beammen yn de strjitte om. De nije beammen moatte de Iewâl wer in stikje alluere jaan.

De beammen binne krimlindes (linebeammen), dy't al seis oant sân meter grut binne. Foar it plantsjes is in unike metoade tapast. Yn in grut gat komme in oantal plestik kretten, dy't fold wurde mei beammegrûn. De bakken binne spesjaal makke om auto's drage te kinnen.

Dêrtroch kinne de woartels goed groeie en kinne moaie beammen yn in lytse romte groeie. It plantsjen fan de beammen moat takom woansdei klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)